Ynbraak by juwelier mislearret

21 sep 2009 - 10:52

De plysje siket tsjûgen fan in poging yn te brekken by in juwelierswinkel oan de Nijstêd yn Ljouwert. In tsjûge seach sneintejûn om 23.00 oere in man fan it dak yn de Haniasteech springen. Hy fertroude de saak net en warskôge de plysje. Dy seagen dat in doar yn de steech forsearre wie.

De plysje tinkt dat it giet om twa ynbrekkers, dy't mooglik troch it winkelalaarm steurd binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)