Ynbraak by juwelier

11 jul 2009 - 18:30

By in ynbraak yn in juwelier oan de Dracht op it Hearrenfean is yn de nacht fan freed op sneon in grutte partij sieraden stellen. In tsjûge seach om in oer as healwei fjouweren dat in persoan it rôllûk oan de foarside fan de winkel iepenbruts.

De tsjûge warskôge de plysje, mar dy kaam krekt te let. De auto mei dêryn mooglik twa ynbrekkers ried mei hege snelheid fuort.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)