Ynbraak en brân

31 des 2010 - 14:25

Yn Ljouwert is ynbrutsen yn in restaurant oan de Grinzerstrjitwei. De ynbraak waard tongersdei ûntdutsen. Ut it bedriuw binne in kompjûter, in navigaasjesysteem, jild, in fotokamera en alkohol stellen.

Yn twa hokjes oan it Kattenbos op It Hearrenfean hat tongersdei brân west. Nei alle gedachten hat ien fjoerwurk yn ien fan de hokjes smiten. De flammen sloegen oer nei it hokje derneist. De brânwacht wie der gau by en hie it fjoer rap ûnder kontrôle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)