Ynbraak De Miente op De Gordyk

01 jul 2014 - 18:50
  • Ynbraak

By fersoargingstehûs De Miente op De Gordyk is yn de nacht fan moandei op tiisdei ynbrutsen. De dieder of dieders binne binnenkaam troch in doar iepen te brekken. Dit wie by de sintrale yngong. Ien kear binnen ha se in doar fan in kantoar iepenbrutsen. Dêr ha se wat omstrúnd, mar neat meinaam.

De ynbrekkers ha net by de bewenners west. Dy ha ek neat fan de ynbraak fernaam. De skea oan de beide doarren is wer makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)