Ynbraak bestride mei lokhuzen

01 feb 2013 - 21:57
  • Ynbraak

De plysje set ekstra middels yn om de ynbraakgolf yn Harns en Frjentsjer te kearen. Under oare mei in soarte fan lokhuzen moatte de dieders op 'e died betrape wurde. Ek is hast alle personiel op de ien of oare wize wol mei de ynbraken dwaande. De plysje fertelde dit freed yn tv-programma Need op Freed.

Yn sawol Frjentsjerteradiel as yn Harns wurdt hieltyd faker ynbrutsen. Yn in pear jier tiid is it tal ynbraken sawat ferdûbele. De plysje wit wa't de dieders binne, mar se suksesfol ferfolgje is lestich. Dêrom komt der no in nije metoade.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)