Ynbraak by bedriuwen

11 des 2006 - 11:15

Yn Harns en Frjentsjer is ôfrûne wykein ynbrutsen by fjouwer bedriuwen. Tusken sneontemiddei en sneintejûn wie it raak yn Harns by trije bedriuwen oan de Yndustrywei. By twa fan de trije bedriuwen binne kompjûters stellen. By it tredde bedriuw is it net slagge om binnen te kommen, omdat nei alle gedachten it alarm ôfgien is.

Yn Frjentsjer is ynbrutsen by in bedriuw oan de Marconistrjitte. Ek hjir waarden kompjuters stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)