Ynbraak bedriuwegebou Gordyk

09 apr 2013 - 22:05
  • Plysje-embleem

Yn in bedriuwegebou oan de Werf op De Gordyk is yn de nacht fan moandei op tiisdei ynbrutsen. Der binne ûnder oaren twa oldtimer-moters stellen, in aggregaat, kompressors en boarmasines. Ek binne in oantal ruten fernield. Oant no ta ha fjouwer eigeners fan saneamde units yn it gebou oanjefte dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)