Ynbraak auto en bedriging

03 okt 2010 - 14:04

De plysje hat sneontenacht yn Ljouwert in man (49) út Doornspijk oanhâlden. Doe't in Snitser (25) by syn parkearde auo oan de Iewâl kaam, siet dêr de man út Doornspijk yn. Doe't dy de eigner seach, klom er fia it stikkensleine rút derút. Mei in mes yn de hân bedrige er de eigner. It slachtoffer rûn fuort en de man draafde fuort.

De plysje koe de man letter oanhâlde. It die bliken dat er neist de auto-ynbraak el guod út de wein stellen hie. De man sit op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)