Ynboel feile; kurator wit neat

03 mrt 2010 - 15:58

De ynboel fan it fallite Huys Ter Laeck yn Terherne is hast ferkocht, sûnder dat de kurator dat wist. Ferline jier gie de eigner fan it hotelrestaurant fallyt. Sûnt dy tiid binne gebou en guod yn behear fan 'e kurator. Dy hat ek as iennige in kaai.

In potinsjele keaper fertelde de kurator dat der in feiling pland wie. In noch ûnbekende partij hat nei alle gedachten de ynboel yllegaal ferkocht. De nije eigner hie in ynternetfeiling pland. Dy lit de kurator trochgean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)