'Ynboargeringskursus net goed'

20 jan 2004 - 00:00

De ferplichte ynboargeringskursus foar bûtenlanners slút net goed oan by de behoeften fan de yndividuele learlingen. Dat sizze wurknimmers fan it Fryslân College yn reaksje op it rapport fan de kommisje-Blok. Dy die ûndersyk nei tritich jier yntegraasje fan bûtenlanners yn Nederlân.

Learlingen prate nei in kursus fan 600 oeren faak gjin goed Nederlansk. Minsken út it ûnderwiis moatte by de ynboargeringskursus belutsen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)