Yn Wommels wurdt tv-searje makke oer Joop van den Ende

13 aug 2015 - 17:22
  • Job Cieraad (foargrûn) en Bart Van Sinderen

Yn Wommels wurdt in telefyzje-searje fan seis dielen makke oer produsint Joop van den Ende. Dat wurdt dien troch Bart van Sinderen. Hy is eigener fan ACB út Wommels en bewurket it filmmateriaal yn syn studio. Neffens Van Sinderen is it montearjen best dreech, want Joop van den Ende is hiel kritysk. De tv-rige sil gean oer Van den Ende syn passy foar musikals.

Der is gebrûk makke fan unyk byldmateriaal dat noch gjin inkelde kear earder te sjen west is. Dy bylden hat sjoernalist Job Cieraad makke.

Cieraad hat yn it ferline in soad wurke mei Joop van den Ende en hat dy bylden doe makke. De searje is fan septimber ôf te sjen op Nostalgienet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)