Yn Warkum wurdt wer wurke

11 jun 2002 - 00:00

De staking by it tsiisfabryk yn Warkum is tiisdeitemiddei brutsen. Fakbûnen, direksje en stakende wurknimmers ha dat besletten. Reden wie de driging mei fysyk geweld troch protestearjende boeren tsjin de suvelstaking.

Foarearst is it beslút om wer oan it wurk te gean tydlik. It konflikt oer de nije cao is net oplost. De kâns bestiet dat letter yn de wike wer staakt wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)