Yn ûnderguod nei kleanwinkel

13 nov 2005 - 12:21

Kleanwinkel Montana yn Ljouwert kaam sneon mei in ludike aksje. De earste fiif minsken dy't yn ûnderguod yn de winkel kamen, krigen twa kleanstikken fergees. De 50 dy't dêrnei kamen krigen 20% koarting.

Njoggen famkes stienen sneontemoarn betiid al by de saak foar de doar. De kleanwinkel yn it winkelsintrum op it Saailân hold de aksje omdat de winkel hielendal ferboud is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)