Yn spanning foar Bocuse d'Or

05 maaie 2014 - 11:54
  • Sjefkok Jan Smink

Topkoks Jan Smink en Lars Aukema wolle in topklassearring helje by de heale finale fan de Bocuse d'Or. De Friezen moatte woansdei oan de slach by de heale finale fan it kampioenskip itensieden yn Stockholm. Se ha in soad oefene en dêr help by krigen fan Jonnie Boer fan it Swolske restaurant De Librije. Se sille ûnder oare tulpebollen yn har gerjocht brûke.

Ien dei letter, om healwei seizen, witte beide mannen oft se troch meie nei de finale yn Lyon. Dy is yn jannewaris takom jier. Smink is sjef-kok yn Ketlik.

De ynternasjonale kulinêre wedstriid bestiet sûnt 1986 en wurdt om de twa jier hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)