Yn panyk op lampepeal botst

24 okt 2013 - 11:16

In 28-jierrige frou út Aldemardum is woansdeitemiddei licht ferwûne rekke by in oanriding yn Snits. De autobestjoerster ried yn de Smidstrjitte achterút in parkearplak út en rekke dêrby in oare auto. De frou rekke yn panyk en botste op in lampepeal. Dêrby rekke se ferwûne. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)