Yn konvoai troch Ljouwert farre

13 jun 2006 - 17:42

De gemeente Ljouwert hâldt in proef mei konvoaifarren troch de brêgen yn 'e stêd. Groepen skippen yn ien kear trochlitte drukt de kosten, want trije brêgewippers betsjinje fiif brêgen. Se fytse mei oant de folgjende brêge om dy te iepenjen.

De gemeente wol fierders de tiden yn de spits wêryn't brêgen net betsjinne wurde, ferlinge fan 17.30 oant 18.00 oere. Dat sil soargje foar minder opûnthâld foar it ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)