'Yn juny ha alle doarpen ASDL'

02 apr 2004 - 00:00

De KPN leit foar op skema mei it oansluten fan it plattelân op breedbân ynternet. Neffens breedbânspesjalist Ed Comino fan www.adslinfriesland.nl wurdt noch foar de simmerfakânsje it lêste doarp fan Fryslân foarsjoen fan ADSL. De tillefoansintrale fan Bakhuzen sil sa't it no stiet de lêste wêze.

Tsientallen lytse doarpen ha jierrenlang aksje fierd om breedbân ynternet te krijen. Dat ideaal is, as it goed is, de kommende simmer berikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)