Yn 'e rige foar Cambuurkaarten

26 apr 2010 - 06:58

Inkele hûnderten Cambuurfans steane moandeitemoarn yn 'e rige foar kaarten foar de neikompetysjewedstryd tsjin Go Ahead Eagles. Ferline jier rûn de ferkeap fan de neikompetysjekaarten út de hân troch ûngeregeldheden. Dit jier krigen seizoenskaarthâlders al earder de kâns in kaart te keapjen. Moandeitemoarn om twa oere stiene de earste Cambuurfans foar de kassa. Der waard in fjoerke stookt om waarm te bliuwen. Om njoggen oere giet de ferkeap los.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)