Yn 'e rige foar Achmeatoer

21 jul 2002 - 00:00

De VVV yn Ljouwert moat hûnderten minsken teloarstelle dy't de Achmeatoer op wolle. De heechste toer fan Ljouwert lûkt sa'n smite folk dat de kaarten útferkocht binne. De VVV hâldt per kear 10 kaarten achter de hân, mar dêrfoar stean minsken ek 2,5 oere yn 'e rige.

De nije toer is yn gebrûk as kantoar. By helder waar is er sels fan It Amelân ôf te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)