Yn Cambuurshirt yn 'e ried

07 des 2009 - 10:49
  • CDA-listtriuwer Paul van Berlo

Listtriuwer Paul van Berlo fan it CDA yn Ljouwert sil by alle gearkomsten fan de gemeenteried fan Ljouwert in Cambuurshirt drage, teminsten as hy yn de gemeenteried keazen wurdt. Van Berlo is Cambuur-supporter en besiket mei dizze tasizzing ekstra stimmen út dy hoeke te lûken. Sa'n 600 stimmen is nei alle gedachten genôch foar in sit yn de gemeenteried.

Van Berlo stiet op it 14de plak op de CDA-list. Hy hopet sa mear Cambuurfans te bewegen om op it CDA te stimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)