Yn Bakkefean it kâldste

04 feb 2012 - 13:40

Bakkefean hie yn de nacht fan freed op sneon de leechste temperatuer fan Fryslân. Neffens Piet Paulusma waard it dêr -20. Dat it flink kâld wie hat ûnder oare te krijen mei de snie dy't freed fallen is. Dy soarget dat it noch fierder ôfkuollet. Oerdeis tsjinnet de snie as in tekken dy't de sinne ôfketst sadat dy minder ynfloed op it iis hat. Lanlik sjoen helle Lelystêd mei -22,9 de leechste temperatuer.

Neffens Piet Paulusma sil de winter noch seker oant en mei nije wike sneon duorje, al komme der wol in pear 'oanfallen' fan teiwaar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)