Yn Alphen aan de Rijn wurdt wer wurke oan Julianabrêge

10 aug 2015 - 12:56
  • BSB Staalbouw belutsen by kraanûngelok Alphen aan de Rijn

Yn Alphen aan de Rijn is moandei begûn mei it wurk oan de keningin Julianabrêge. It giet om wurk bûten it ûngelok mei de twa kranen en de nije brêge om. De brêge is makke troch BSB Staalbouw fan Burgum. It is noch net dúdlik wannear't der begûn wurdt mei it opromjen fan de gaos dy't ûntstie neidat de twa grutte kranen en de brêge foarige wike moandei omfallen binne.

De belutsen bedriuwen hawwe op de webside www.hersteljulianabrug.nl harren ekskús oanbean oan de bewenners dy't troffen binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)