Yn aksje foar sportklups

23 des 2013 - 21:45
  • Sportklups yn aksje foar Serious Requenst
  • Sportklups yn aksje foar Serious Request
  • Sportklups yn aksje foar Serious Request

Hast trijehûndert sporters diene moandei yn Ljouwert mei oan de Leeuwarder Club Challenge. De kompetysje waard organisearre troch de stifing BV Sport dy't yn 'e gemeente Ljouwert ferantwurdlik is foar sporthallen. Mei-inoar diene 25 sportferienings mei oan de kompetysje.

BV Sport fynt it wichtich dat sportferienings mei-inoar yn kontakt komme. Boppedat wurdt it fanwege krapte oan frijwilligers hieltyd dreger om sportaktiviteiten te organisearjen foar lytse ferienings.

It wie foar de sechde kear dat de kompetysje hâlden waard. Survival Vereniging Leeuwarden waard dit jier winner, folge troch gymnastykferiening Flying Lions en fuotbalferiening FVC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)