Yn 26 lannen stimd op Fryske Top 100

28 des 2015 - 22:19

Oer trije dagen is it safier: de offisjele bekendmakking fan de Fryske Top 100. Goed 37.500 stimmen binne der útbrocht fanút 26 ferskillende lannen. Neist fansels Nederlân binne dat benammen Dútslân en Amearika. De Top 10 wurdt pas op âldjiersdei bekend makke, mar ek dêrbûten ha der al ferskate opmerklike feroaringen west.

Nije nûmers

Mar leafst alve nije nûmers yn de list dit jier. Ek binne der fiif nûmers werom kaam dy't al earder yn de Top 100 stien ha. De grutste stigers fan 2015 binne 'Libben nei de leafde' fan Vangrail, fan plak 64 nei 27, en 'Nim my mei' fan Mink, fan plak 97 nei 60.

Ofskied

Fan sechstjin nûmers moatte wy ôfskied nimme. Under oaren 'Skettens' fan Rob du Jardin en 'Jorwert' fan Wiebe Kaspers komme dit jier net yn de list foar. 

Measte notearringen

De meast notearre artyst is dit jier Piter Wilkens. Mei mar leafst alve solo's en ien nûmer mei SimmerTime giet hy fier oan kop. De Kast komt sân kear foar yn de Top 100, De Hûnekop en Gurbe Douwstra moatte it mei fiif notearringen dwaan.

'Mag ik dan bij jou'

Fan it nûmer 'Mag ik dan bij jou' fan Claudia de Breij binne wol fiif Fryske fersys ferskynd. Arnold Postma hellet mei syn liet it 21ste plak yn de Top 100.

Op âldjiersdei wurdt de folsleine Fryske Top 100 fan 7.00 oere ôf útstjoerd. Dan wurdt ek de top 10 bekendmakke. Der binne yn elts gefal twa nije nûmers binnen kaam. In oersjoch fan de Fryske Top 100 is te sjen op frysketop100.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)