Yn 2015 nije iishal Ljouwert

01 okt 2013 - 22:12

Der stiet mids 2015 in nije iishal yn Ljouwert. De gemeente Ljouwert hat dêrfoar in lytse 22 miljoen beskikber steld. De hal komt te stean achter it gebou fan Wetterskip Fryslân. Der komt in 400-meterbaan mei dêr binnenyn in krabbelbaan fan 30 by 60 meter. Dêrneist komt der noch in aparte baan fan 30 by 60 foar it iishockey, shorttrack en keunstriden. Yn de nije hal, de Elfstedenhal, wurde 155.000 besikers per jier ferwachte.

Oant de iepening fan de nije hal bliuwt de besteande iishal yn Ljouwert yn gebrûk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)