Yn 2010 ek in soad kavelruil

21 feb 2011 - 18:27

Der is ferline jier goed 665 hektare lânbougrûn troch kavelruil fan eigner wiksele. It Projektburo Kavelruil Fryslân hat dat yn 13 kavelruilen ôfhannele. Doel fan de kavelruil is dat de boeren harren lân better berikke kinne. Yn oare gefallen krijt de natuer mear romte. It ruiljen fan kavels giet op frijwillige basis.

It projektburo is yn 2008 begongen en ferwachtet dat dit jier de 2500ste hektare ruile wurde sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)