"'Ymport' kursus Frysk oanbiede"

01 des 2005 - 23:29

Alle doarpen yn Fryslân moatte nije ynwenners in kursus Frysk oanbiede. Mei dat idee kaam deputearre Mulder op in byienkomst fan alle doarpsbelangen yn Súdwest-Fryslân.

Mulder fynt dat der mear minsken fan bûten de provinsje waarm makke wurde moatte foar it Frysk. Jierliks folgje sa'n 700 Hollânsktaligen in kursus Frysk. Mei help fan alle doarpsbelangen moat dat oantal ferdûbele wurde, sa stiet Mulder foar eagen mei it foarstel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)