Yme Kuiper: 'Seleksje is rûn'

28 jun 2009 - 13:02
  • Trainer Trond Sollied (foto's: Martin de Jong)
  • Yme Kuiper

It fuotbalseizoen is noch mar krekt úteinset of der liket in machtsstriid geande tusken trainer Trond Sollied en de Hearrenfean-direksje. Sollied trúnt oan op mear fersterkings. Hy wol noch in doelman en in ferfanger foar middenfjilder Danijel Pranjic dy't nei Bayern München gien is.

Mar neffens algemien direkteur Yme Kuiper is de seleksje, nei it heljen fan oanfaller Michal Papadopulos en de komst fan de ferdigeners Igor Djuric en Gerry Koning rûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)