Ylona Kruis wint hurdrinronde

29 mrt 2009 - 15:53

De tsien kilometer fan de ronde fan Wymbrits mei start en finish op it sportpark Schutterveld yn Snits is snein wûn troch Ylona Kruis fan Ysbrechtum en Siep Nota (18) fan Snits.

Foar Kruis wie dit de lêste test foar de maraton yn Rotterdam takom wike snein. By de heale maraton wie Gerrit Duits fan Snits de rapste. Hy rûn in tiid fan 1.23.46. Op 44 tellen kaam Tjerk Bruinsma út Makkum as twadde oer de streek. Der wiene yn Snits 150 dielnimmers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)