Yllegale wapensamling ynnommen

14 maaie 2004 - 00:00

De plysje hat tongersdei yn Grou 146 wapens en 277 stiks skerpe munysje yn beslach nommen. It guod wie eigendom fan in 30-jierrige samler. Syn samling bestie út ûnder mear in grut tal revolvers, messen en definsjewapens.

De man hy it guod benammen kocht yn it bûtenlân. Hy hie gjin fergunnings foar de wapens en de munysje. De plysje kaam de man op it spoar troch in tip. De samler sei de plysje dat syn hobby út de hân rûn wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)