Yllegale tennisbanen yn Sint Nyk

10 maaie 2003 - 00:00

Twa fan 'e fjouwer tennisbanen fan Sint Nyk lizze der yllegaal. De gemeente Skarsterlân hat yn 1994 meiwurke oan de oanlis fan 'e twa banen, mar hat doe fersomme om dy ek op te nimmen yn it bestemmingsplan.

De flater is oan it ljocht kommen, no't omwenjenden beswier meitsje tsjin it pleatsen fan ljochtmesten. Sy soene no easkje kinne dat de yllegale banen ferdwine. In oare opsje is it ferhúzjen fan alle tennisbanen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)