'Yllegale' skommel hinget noch

14 jan 2009 - 15:30
  • De 'yllegale' skommel mei noch even hingjen bliuwe

In yllegale skommel oan de Emmakade yn Ljouwert mei yn elts gefal hingjen bliuwe oant moandei. Dat is it risseltaat fan 70 hantekens dy't bern út de buert woansdei op it stedhûs oanbean ha oan wethâlder Gerrit Krol.

De bern meitsje al in heal jier gebrûk fan 'e skommel. De gemeente stjoerde koartlyn lykwols in brief dat se it ding derwei ha wolle omdat dy oan in beam fan de oerheid hinget. De bern stappe ridlik tefreden wer nei bûten, want de skommel hinget noch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)