Yllegale seehûnefersoargers wurde net ferfolge

05 okt 2015 - 20:56
  • Seehûn

Twa manlju út De Trieme en Spijk wurde net ferfolge foar it yllegaal opfangen fan seehûnen. De twa binne âld-meiwurkers fan de seehûnekresj yn Pieterburen. Se binne it net iens mei de wize fan opfang dêr. Dêrom hat it duo sels seehûnen fersoarge, en dat mei net neffens de wet. Dat mei allinnich by sertifisearre opfanglokaasjes.

Se binne neffens de rjochter dus wol skuldich, mar wurde net ferfolge om't yn de wet ek stiet dat der in soarchplicht is foar bisten yn need.

De âld-meiwurkers hoopje meikoarten in fergunning te krijen foar it opsetten fan in eigen opfang.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)