Yllegale rekreaasje De Leijen

07 sep 2004 - 15:22

It ynrjochtingsplan foar De Leijen komt yn gefaar troch de yllegale rekreaasje op de oevers. Boatsjeminsken lizze by Eastermar en Rottefalle oan. Neffens Lânskipsrjochtlinen mei dat net, mar Tytsjerksteradiel grypt net yn. It gebiet is fan de Mennistetsjerke fan de Rottefalle en in tal partikulieren.

Steatsboskbehear fynt dat it rekreaasjebelied oanpast wurde moat. Yn de nije plannen binne eilantsjes opnaam dêr't rekreearre wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)