Yllegale konteners yn A'skea

31 jul 2013 - 13:03
  • Gemeente Eaststellingwerf

Merkmaster Anne Dykstra fan de kamelemerk yn Appelskea hinget in twangsom fan 10.000 euro fan de gemeente Eaststellingwerf boppe de holle. It skeel giet oer in stikmannich seekonteners op it terrein fan de kamelemerk. Neffens wethâlder Sierd de Boer hat de kamelemerk hjir gjin fergunning foar.

De gemeente hat neffens De Boer ferskate klachten fan omwenjenden krigen oer de seekonteners en sil sadwaande de regels hanthavenje. Dat der earder skeel west hat tusken de kamelemerk en de gemeente hat der neat mei te krijen, sa seit De Boer.

It is net slagge om Dykstra te berikken foar syn kant fan it ferhaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)