Yllegale kollektanten yn Smellingerlân

04 des 2014 - 17:15
  • Gemeente Smellingerlân

Der binne op it stuit yllegale kollektanten warber yn Drachten. De gemeente Smellingerlân warskôget de ynwenners. De kollektanten helje jild op foar de stichting Ticket to live. Dy stichting soe him ynsette foar kânsearme bern. De fertochte persoanen ride yn in grize Ford Mondeo en meitsje gebrûk fan in falsk legitimaasjebewiis mei de gegevens fan kollektant en stichting.

De gemeente advisearret om gjin jild oan dizze minsken te jaan. Yn stee dêrfan wol de gemeente dat je de plysje belje.

De gemeente Smellingerlân hat gjin fergunning foar de kollekte jûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)