Yllegale karavans moatte fuort

20 maaie 2005 - 15:05

De gemeente Frjentsjerteradiel komt mei in grutte aksje tsjin yllegaal parkearde karavans en oanhingweintsjes yn Frjentsjer. Kontroleurs fan de gemeente sille de kommende wiken registrearje wêr't karavans of karkes langer as in wike op de iepenbiere wei of in parkearplak stean. Yn dat gefal krije de eigners in warskôging.

Litte se har spul dan noch stean, dan wurde de karavans en oanhingweinen fuortsleept, op kosten fan de eigner.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)