Yllegale kamping yn Winaam?

17 apr 2003 - 00:00

De gemeente Harns docht foarearst neat oan de kamping yn Winaam. Der steane op it hiem fan in pleats goed 20 karavans mei Dútske gastarbeiders. Se wurkje op in boartoer fan it Harnzer sâltwinningsfabryk Frisia.

Neffens Harnzer Belang is it net tastien en boppedat steane de karavans te ticht op inoar. Se wolle dat de gemeente fuortendaliks yngrypt. De gemeente seit lykwols dat de kamping net yllegaal is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)