Yllegale dumper fee opspoard

05 feb 2014 - 16:35

Ynspekteurs fan de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit ha mei help fan DNA-ûndersyk achterhelle wa't ferantwurdlik is foar it dumpen fan deade en libbene kij op ferskate plakken yn Fryslân. It giet om 42-jierrige feehâlder út Fryslân, dy't fan de bisten ôf woe om't er problemen hie mei de registraasje fan syn fee. De ôfrûne jierren binne op meardere plakken yn Fryslân 40 dumpte bisten fûn. Troch it ferlykjen fan har DNA-materiaal koe de eigener opspoard wurde. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke, ek wurdt er koarte op subsydzje.

De bisten hienen gjin earmerk, mar troch DNA fan de bisten te ferlykjen mei DNA fan de kij fan de boer koe fêststeld wurde dat de bisten neikommelingen fan elkoar wienen. It dumpen fan kadavers en it achterlitten fan libbene bisten is ferbean fanwege de risiko's op fersprieding fan besmetlike diersyktes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)