Yllegale dakklimmers trapearre

19 jan 2005 - 10:19

Twa jonges fan 16 en 19 jier binne tiisdeitejûn fan it dak fan in fersoargingshûs op It Hearrenfean weihelle. Se waarden troch befeiligingsminsken ûntdutsen op it seis ferdjippings hege gebou. Dêr hiene se dingen fernield.

By fouillearing die bliken dat de 19-jierrige fjouwer joints en in flinder-mes by him hie. De jonges komme fan Aldskoat en fan It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)