Yllegale bewenning bedriuwspân

15 mrt 2011 - 10:45

De frjemdelingeplysje hat tiisdei fjirtjin minsken út in bedriuwspân oan de Pasteurwei yn Ljouwert helle. De plysje hie in tip krigen dat de minsken dêr wennen. De plysje die mei tolve man in ynfal. Se hâlden fjirtjin minsken oan, in grut part fan harren út it bûtenlân.

De gemeente Ljouwert hat maatregels tsjin de eigner en de hierder fan it pân oankundige. De gemeente soarget ek foar nij ûnderdak foar de 14 minsken dy't út it gebou helle binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)