Yllegale autohannel oanpakt

31 jan 2002 - 00:00

De gemeente Achtkarspelen sil stranger optrede tsjin yllegale autohannelers. Wa't mear as fjouwer auto's op it hiem hat, moat fuortendaliks ophâlde mei de hannel. Bart dat net, dan krijt de hanneler in hege boete.

Achtkarspelen tinkt dat der likernôch 15 yllegale autoferkeapers yn de gemeente binne. De legale garaazjes kleie al jierren oer ûnearlike konkurrinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)