Yllegale aaien yn beslach nommen

22 apr 2004 - 00:00

De AID hat op twa plakken yn Noardwest-Fryslân in grutte kolleksje aaien yn beslach nommen. It giet om 850 aaien fan beskerme fûgelsoarten. De aaien binne yn Nederlân en yn it bûtenlân fûn. It giet om de grutste fangst fan beskerme fûgelaaien ea.

De twa Friezen rûnen twa wike ferlyn yn Spanje tsjin de lampe. Dêrop waarden de kollega's yn Nederlân en de Algemiene Ynspeksjetsjinst ynljochte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)