Yllegaal swier fjoerwurk socht

21 okt 2011 - 12:17
  • Foto's: Plysje Drinte

De plysje is op syk nei in partij gefaarlik fjoerwurk yn Noard-Nederlân. De warskôging komt fan de plysje Drinte. It giet om lawinepylken, dêr't de plysje fan tinkt dat se earne yn it Noarden opslein lizze. As dêr in doas fan ûntploft, giet it dak derôf seit de plysje.

Minsken dy't earne doazen mei lawinepylken mei de opdruk 901 sjogge, moatte mei de plysje belje. Dat kin ek anonym. De partij soe ferline jier yllegaal ynfierd wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)