Yllegaal stroom en gas ôftape

07 nov 2004 - 16:34

In 53-jierrige Ljouwerter is oanhâlden om't er yllegaal stroom en gas ôftape foar syn wenark oan it Bisschopsrak yn Ljouwert. De man helle de stroom út in lantearnpeal. Flak dêrneist lei ek in gaslieding dêr't de Ljouwerter in oansluting op makke hie.

Enerzjybedriuw Essent is warskôge en dy hat de boel wer reparearre. Ek ha se oanjefte dien fan dieverij fan stroom en gas. Tsjin de Ljouwerter is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)