Yllegaal stoart by Ryptsjerk

24 nov 2003 - 00:00

Op in greide by Ryptsjerk is in grut yllegaal stoart foar bou- en sloopôffal fûn. By in kontrôle fan de miljeuplysje en de gemeente is it stoart foar it ljocht kaam.

Op it stoart is hout, metaal en oar guod yn de grûn bedobbe. It giet om sa'n soad ôffal dat Tytsjerksteradiel de provinsje ek op 'e hichte brocht hat. De eigner wurdt noch heard oer wêrom't er it ôffal op syn hiem dumpt hat. Hy kin in straf temjitte sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)