Yllegaal jeugdhonk yn Surhuzum

08 maaie 2003 - 00:00

De famylje Ytsma yn Surhuzum hellet de seekontener dy't as jeugdhonk tsjinnet ien fan dizze dagen fan it hiem ôf. De gemeente hie gjin tastimming jûn foar it jeugdhonk en easket no in twangsom fan de famylje. It honk moat yn alle gefallen foar 2 juny derwei wêze, dêrnei moat Ytsma 250 euro deis oan boete betelje.

Ytsma siket no gau oar plak foar de kontener. Hy sil net mear brûkt wurde as jeugdhonk, sa seit er ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)