Yllegaal fjoerwurk ynnommen

31 des 2011 - 13:47
  • (fotofoarbyld)

De plysje hat freed op meardere plakken yn de provinsje yllegaal fjoerwurk yn beslach naam. Yn Ljouwert seagen plysjes dat der fjoerwurk út in auto goaid waard. It die bliken dat de 18-jierrige bestjoerder in tal flinterbommen yn de auto lizzen hie. Yn syn hûs waard noch mear yllegaal fjoerwurk fûn.

Yn Drylts en Haulerwyk naam de plysje ek yllegaal fjoerwurk yn beslach. Yn alle gefallen krigen de eigeners in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)