Yllegaal fjoerwurk yn Waskemar

24 des 2011 - 13:43

De plysje hat fjouwer ynwenners fan Waskemar en Haulerwyk oppakt fanwege de hannel yn yllegaal fjoerwurk. It giet om twa manlju fan 38 en 57 út Haulerwyk en twa fan 55 en 47 út Waskemar. Yn in skuorre yn Waskemar waard ek sa'n 1500 kilo fjoerwurk fûn. It giet benammen om sierfjoerwurk.

Neffens de plysje hat de opslach fan it fjoerwurk foar in tige gefaarlike sitewaasje soarge foar de omjouwing. De fjouwer manlju sitte noch fêst foar fierder ûndersyk. It fjoerwurk is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)