Yllegaal fjoerwurk yn Dokkum

05 okt 2011 - 09:48

De plysje hat yn Dokkum 2,5 ton yllegaal fjoerwurk fûn. It lei yn in loads oan de Uthof. It is de earste grutte fangst fan dit jier. De plysje stelde in ûndersyk yn nei tips dat in groep minsken yn Noardeast-Fryslân yn fjoerwurk hannelen.

In Anjumer (34), Ljouwerter (20), in Stienzer (51) binne oanhâlden. It fjoerwurk is yn beslach naam en wurdt ferneatige. Yn de loads stie ek noch in lytse tûzen kilo legaal fjoerwurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)